Tal kursisten Frysk nimt ta

22 nov 2005 - 10:28

It tal kursisten dat in kursus Frysk folget, is dit jier 15% heger as ferline jier. Op dit stuit binne der 1030 kursisten ynskreaun tsjin 892 ferline jier. Dat soe komme troch de taname fan it tal fan net-Frysktaligen, it gebrûk fan ynternet troch de Afûk en it oerheidsbelied.

It is foar it earst yn jierren dat it tal kursisten wer tanimt. Benammen de ekonomyske efterútgong hie ynfloed op it weromrinnend tal kursisten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)