Regear studearret op analoge TV

22 nov 2005 - 10:05

Steatssiktaris Van de Laan besjocht yn febrewaris of maart 2006 hoe't it fierder moat mei de TV-ûntfangst (û.o. fan Omrop Fryslân) yn gebieten sûnder kabel. Dat hat se moandei sein.

Ofrûne freed hat it kabinet besletten dat de analoge tillevyzjestjoerders oant 1 april takom jier oanstean bliuwe. In mearderheid fan de keamer is dêr net tefreden mei. De stjoerders soene oanbliuwe moatte, salang as der gjin betelber alternatyf is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)