Op syk nei it ferdwûne Bosch

© Omrop Fryslân
In groep ûndersikers set útein mei in syktocht nei it ferdwûne waadeilân Bosch. It waadeilân lei yn it ferline tusken Skiermûntseach en Rottum, en is earne yn de 16de ieu ferdwûn. De ûndersikers, biologen, geologen, historisy en fiskers wolle útfine wat der mei it eilân bard is. It ûndersyk fynt plak yn Fryslân.
Nei alle gedachten leit it eilân no ûnder de eastlike punt fan Skiermûntseach.