Maresjesee mei net boetes jaan

21 nov 2005 - 21:17

Maresjesees meie gjin boetes jaan oan boargers. Dat hat it gerjochtshôf yn Ljouwert moandei útmakke. Twa maresjesees joegen ferline jier in 38-jierrige snorfytser yn Ljouwert in bekeuring, omdat hy te folle dronken hie.

Maresjesees meie allinnich militêren beboetsje, sa seit de rjochter. Yn dit gefal hiene de maresjesees de man steande hâlde moatten en dêrnei de plysje belje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)