Vadeko Flyers oan de lieding

21 nov 2005 - 18:40

De Vadeko Flyers dogge it poerbêst yn de nasjonale bekerkompetysje. Nei fiif wedstriden steane de Flyers allinnich oan kop. Sneon waard konkurrint Amsterdam thús mei 3-1 ferslein. Healwei de kompetysje binne de Flyers al hast wis fan 'e play-offs.

Utblinkers yn de wedstriid tsjin Amsterdam wiene de Ukraynske bruorren Andrej en Anton Butochnov en keeper Marcel Nijland. De perioadestannen wiene 1-1, 1-0 en 1-0.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)