Wer auto yn de brân stutsen

21 nov 2005 - 16:14

Der is yn Ljouwert wer in auto yn de brân stutsen. Dat gebeurde yn de nacht fan snein op moandei yn de Vincent van Goghstrjitte. De brânwacht hat de brân blust. De ûnrêst yn de wyk Huzum is tanommen. Dizze autobrân wie de sechde yn koarte tiid.

De auto is oan de achterkant hielendal útbaarnd. De technyske resjerzje sil in ûndersyk ynstelle. Der is oanjefte dien troch in 51-jierrige ynwenster fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)