Yllegale dongopslach yn Sânhuzen

21 nov 2005 - 15:57

De eigner fan in agrarysk bedriuw yn Sânhuzen hat in proses-ferbaal krigen foar it yllegaal opslaan fan dong en ôffalstoffen mei in oerflakte fan sa'n 3000 kuub. It giet sawol om floeibere as fêste dong, sleatôffal en foerôffal sa as mais en kuilrestanten.

De yllegale opslach leit yn in kwetsber gebiet fan it wetter fan de Linde. De provinsje hie gjin ûntheffing ferliend foar de opslach fan de dong en de ôffalstoffen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)