Mear Fryske hynders by Indoor

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan it hynstespektakel Indoor Friesland wol takom jier mear omtinken jaan oan Fryske hynders. Dat docht bliken út in earste evaluaasje fan de ôfrûne edysje yn it FEC yn Ljouwert, yn oktober.
Doe wiene it benammen de ynternasjonale springrubriken dy't belangryk yn it programma wiene. Mar dy ûnderdielen lutsen úteinlik net de ekstra taskôgers dêr't de organisaasje yn it foar op hope hie.