Fernieling yn Snitser winkel

21 nov 2005 - 09:31

In man (52) en in frou (43) út Snits binne sneontejûn oanhâlden troch de plysje. Se hiene yn in winkel oan de Jousterkade skeel hân mei in 25-jierrige meiwurkster.

Doe't de eigner (52) derby kaam, begûn de froulike fertochte guod oer de toanbank te smiten. Doe't de manlike fertochte de winkel ferliet, smiet er noch in prullebak de saak yn. Beide fertochten binne oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)