Opsterlân wol steviger freonskip

20 nov 2005 - 14:58

De gemeente Opsterlân wol him ynsette foar in stevige freonskipsbân mei twa gemeenten yn Israël en de Palestijnske gebieten. Opsterlân hat dy kontakten al langer, mar wol se ferstevigje, yn in trijehoeksferbân.

Boargemaster en wethâlders wolle in bestjoerlike misje stjoere nei Israël en Palestina, om dêroer te praten. It giet der om it draachflak foar sa'n trijehoeksferbân te fergrutsjen. Op it stuit is dat noch net sa grut.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)