Noch 4 moannen langer analoge tv

© Omrop Fryslân
Televyzjesjoggers sûnder kabeloansluting hâlde noch 4 moannen byld. It kabinet hat besletten dat de analoge televyzjestjoerders net foar 1 april takom jier útskeakele wurde. It kabinet woe earder de stjoerders op 1 jannewaris útsette.
Yn de twadde keamer is koartlyn in moasje oannommen fan de keamerleden Atsma fan it CDA en Bakker fan D66. Dy fine dat der earst in betelber alternatyf komme moat.