Drachtster Boys - ONS: 0 - 3

© Omrop Fryslân
De Fryske twastriid yn 'e haadklasse fan it sneonsfuotbal waard in oerwinning foar koprinner ONS Snits. Yn it Drachtster bosk wûnen de Snitsers mei 0-3. Albert Jan van Zwol makke twa goals. Rudy Man tekene foar de tredde goal yn in net al te bêste wedstriid.
Harkemase Boys spile yn Assen 1-1 tsjin ACV. Tony Albeda miste yn de 87ste minút in penalty. Mar yn de 92ste minút skoarde Tony Albeda wol en dat wie de lykmakker foar de Harkema.