Opsterlân stekt jild yn needfûns

20 nov 2005 - 11:48

B&W Opsterlân wolle 10.000 euro beskikber stelle oan it needfûns foar de opfang fan asylsikers. De gemeente hat dat fûns 2,5 jier lyn sels ynsteld. Mei it jild kinne asylsikers holpen wurde, dy't in goeie kâns hawwe op in ferbliuwsfergunning, mar dy't sels gjin besteansmiddels hawwe.

Opsterlân fynt dat de gemeente de plicht hat om foar dizze minsken te soargjen. De stichting Noodhulp op de Gordyk fiert dy soarch út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)