Flylân leart nije plysjes kennen

20 nov 2005 - 11:48

De bewenners fan Flylân en de plysje wolle in punt sette achter de krisis dy't begjin dit jier foar in soad reboelje soarge op it eilân. Sneon koene de eilanners yn de kunde komme mei nije plysjeminsken, dy't de agenten ferfange dy't yn april Flylân ferlitte moasten fanwege ynterne rúzjes.

Der binne yntusken twa nije plysjeminsken oannommen. Der is noch ien fakatuere, mar dêr is net in soad belangstelling foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)