Twa strjitrôven yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Opnij twa strjitrôven yn Ljouwert yn de nacht fan freed op sneon. In Ljouwerter (23) fytste op de Grinzerstrjitwei doe't er troch in man fan de fyts slein waard. De man naaide út mei de beurs doe't de fytser op de grûn lei.
Twa ynwenners (17 en 18) fan Raalte krigen op de Weaze spul mei twa oare jongeren. Letter kamen se dy twa op de Sudergrêftswâl wer tsjin. De 17-jierrige waard slein en trape. Dêrby waard syn beurs stellen.