Zoodsma wurdt manager yn Grins

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan de Stichting Topvolleybal Groningen hat Ronald Zoodsma oansteld yn in nije funksje. Zoodsma sil him tenei dwaande hâlde mei it algemiene management fan de Grinzer earedivyzjeklub Lycurgus.
Dêrmei komt in ein oan de trainersaktiviteiten fan Zoodsma by Menzis/Lycurgus. De âld-foljeballer út Snits joech dêr oant no ta ien kear yn de wike tegearre mei twa oaren in training.