Pizzadoaze mei mûzen besoarge

© Omrop Fryslân
Twa manlju fan 21 en 24 jier út Eindhoven binne freedtejûn oanhâlden by it FEC yn Ljouwert. De manlju stiene mei trije pizzadoazen foar de doar en seine dat sy dy besoargje moasten. De befeiliging ûntduts dat der yn ien fan de doazen 19 mûzen sieten.
De manlju hiene har aksje betocht fanwege de opskuor oer it deasjitten fan in mosk foar Domino Day. De manlju binne oerbrocht nei it buro en heard.