Bannen Omrop-auto lekstutsen

© Omrop Fryslân
Yn Easterwâlde binne freed alle fjouwer bannen lekstutsen fan de auto fan in kameraploech fan Omrop Fryslân Televyzje. De meiwurkers wiene yn Easterwâlde om in reportaazje te meitsjen oer de 5000 kilo fjoerwurk dy't tongersdei fûn waard yn dat plak.
De plysje is ynskeakele. Wa't ferantwurdlik is foar it lekstekken fan de bannen is net bekind. De plysje ferwachtet net dat de eigner fan it fjoerwurk der efter sit.