Opfolger Kroes is Wiebe Wieling

© Omrop Fryslân
Wiebe Wieling fan Hurdegaryp wurdt de opfolger fan Henk Kroes as foarsitter fan de feriening 'De Friese Elfsteden'. Dat is freed bekend makke. Wieling is lid fan it kolleezje fan bestjoer fan de Hanzehogeschool yn Grins.
Henk Kroes wol uterlik oant ein 2007 oanbliuwe as foarsitter fan De Friese Elfsteden. Dêrfoar wie er iismaster. As iismaster makke hy de Alvestêdetocht mei yn 1985 en 1986. By de tocht yn 1997 wie Kroes foarsitter.