Mear jild foar kokkelfiskers

19 nov 2005 - 08:50

It kabinet is freed akkoart gien mei in hegere útkeapsom foar de kokkelfiskers. Earder woe it kabinet 71 miljoen oan de fiskers útbetelje, freed is besletten dêr 85 miljoen fan te meitsjen. Dat is dien op advys fan de Twadde Keamer.

De Keamer fynt dat de fiskers 95 miljoen ha moatte, krekt as in advyskommisje oanjûn hat. Dat fynt it kabinet te folle. De fiskers krije it jild omdat it kabinet net wol dat der noch nei kokkels fiske wurdt op it Waad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)