Restauraasje yn Makkum leit stil

© Omrop Fryslân
De restauraasje fan twa histoaryske gebouwen oan de Voorstrjitte yn Makkum rint gefaar. De twa pânnen stean op ynstoarten omdat in sydmuorre troch it wiete waar fan de ôfrûne dagen fersakke is. In pear moanne lyn is boubedriuw Nieuwenhuis út Makkum begûn mei de restauraasje fan de gebouwen.
De swier fertuteaze gebouwen baarnden 12 jier lyn ôf en sûnt dy tiid is der neat mear mei dien. De restauraasje is stillein, fanwege ynstoartingsgefaar.