Legionella op 5 plakken yn Harns

18 nov 2005 - 15:26

Yn Harns is op fiif plakken legionella fêststêld. By sportferienings en yn de Waddenhal is de baktearje ûntdútsen. Legionella, ek wol de veterane-sykte neamd, kin tige gefaarlik wêze en yn slimme gefallen sels deadlik wêze. At it yn Harns giet om dy gefaarlike fariant is noch net bekind.

De gemeente hat fuortendalik maatregels naam. Der mei de kommende twa wiken net mear dûst wurde yn de sportakkomodaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)