Mear omtinken foar futsal

© Omrop Fryslân
De KNVB distrikt Noord sil mear omtinken jaan oan it opsetten fan futsalkompetysjes foar jongerein. De KNVB hopet dêrmei de jongerein wer oan it fuotbaljen te krijen. Omdat in soad jongeren yn it wykein wurkje, ha se gjin tiid foar fuotbal.
De futsalkompetysjes wurde foaral troch de wike spile en dêrom tinkt de KNVB de jongeren dêr wól entûsjast foar te krijen. It fuotbalbûn wol de kompetysjes better op elkoar ôfstimme.