Wurkleazen knappe eigen wyk op

18 nov 2005 - 12:47

De gemeente Frjentsjerteradiel sil wurkleazen út de Professorenbuert ynskeakelje by it opknappen fan harren eigen wyk. It projekt set freed útein mei de iepening fan it wykfernijingssintrum. De opknapbeurt begjint oer trije wiken.

De gemeente hat de sosjale tsjinst ynskeakele om op 'e siik te gean nei geskikte kandidaten yn de Professorenbuert. De gemeente hopet se úteinlik oan in fêste baan te helpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)