5000 kilo fjoerwurk fuorthelle

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei yn trije wenten yn Easterwâlde mei-elkoar 5-túzen kilo fjoerwurk yn beslach naam. In 44-jierrige man út it doarp is oanhâlden. De plysje is it fjoerwurk op it spoar kaam nei in tip en is ferbjustere dat der safolle fjoerwurk opslein lei yn in wenwyk.
De haadfertochte soe buertgenoaten frege hawwe om it fjoerwurk foar him op te slaan. De strjitwearde wurdt rûsd op inkele tsientûzenen euro's.