Nije sjitbanen Ljouwert iepene

18 nov 2005 - 09:29

De sjitbaan yn Ljouwert hat der seis nije sjitbanen fan hûndert meter by. Tongersdei waarden de banen offisjeel iepene troch Erica Terpstra, de foarsitter fan it NOC/NSF. It sjitkompleks yn Ljouwert is it twadde yn Nederlân dat seis fan dy lange banen hat.

Net allinnich de sportsjitferienings brûke de banen. Ek definsje wol se hiere, om syn militêren sjitoefeningen dwaan te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)