Akkoart oer rûnwei Frjentsjer

18 nov 2005 - 09:28

De gemeente Frjentsjerteradiel en de provinsje ha in akkoart berikt oer hoe't de súdlike rûnwei om de stêd hinne betelle wurde moat. De gemeente en de provinsje diele de kosten fan 12 miljoen. Frjentsjer krijt in súdlike rûnwei mei in fiadukt en in fytstunnel.

Yn 2001 waard de earste fase fan de súdlike rûnwei oanlein. Omdat minister Peijs fan Ferkear gjin lykflierse krusing ha woe by de spoarline Ljouwert -Harns, lei it plan lang stil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)