Dûkteams brânwacht djoerder

17 nov 2005 - 15:16

De brânwacht yn Fryslân is alle jierren 90.000 euro ekstra kwyt oan syn dûkteams. Dy moatte foldwaan oan nije feilichheidseasken dy't oplein binne troch de lanlike brânwacht, om't der tefolle deadlike ûngemakken binne.

De dûkteams krije in nij kommunikaasjesysteem en in profesjonele begelieder. Ek wurde de frijwilligers stranger keurd, foardat se lid wurde fan in dûkteam. It ekstra jild dat dat kostet moat by de gemeenten weikomme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)