Man ferwûne by bedriuwsûngelok

16 mrt 2012 - 19:58

In 38-jierrige man út Ljouwert is freedtemoarn ferwûne rekke by in bedriuwsûngelok. De man wie oan de Westerein yn Garyp oan it wurk om asbestplaten fan in dak te heljen. Hy is hjirby fan it dak ôffallen en ferwûne rekke.

De man is oerbrocht nei it sikehûs yn Grins. De arbeidsynspeksje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)