Drachtster meast sunige rider

17 nov 2005 - 11:01

Anne Dootjes út Drachten is útroppen ta de meast sunige autorider fan Fryslân. Dit nei oanlieding fan in aksje yn it ramt fan it saneamde 'Nieuwe Rijden'.

De aksje is twa moannen lyn begûn. Anne Dootjes hat syn brânstofferbrûk mei 25,5% werombrocht. Dêrmei stuts de Drachtster fier út boppe de oare acht dielnimmers. De nûmers twa en trije brochten it ferbrûk mei sawat 13 en 2,5% werom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)