Smellingerlân wol ôf fan havens

17 nov 2005 - 10:21

De gemeente Smellingerlân wol besjen oft de eksploitaasje fan de jachthavens fan de Rottefalle, Smelle Ie en Aldegea oernaam wurde kin troch de pleatselike wettersportferienings. De haven fan De Feanhoop en haven de Drait binne in pear jier lyn al ferkocht. De wettersportferiening fan Aldegea hat wol belangstelling foar it útbaten fan it haventsje yn it doarp. De gemeente sil ûndersyk dwaan nei de mooglikheden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)