Harnzers negatyf oer stoepen

16 nov 2005 - 17:31

De stoepen yn Harns lizze der min hinne. Dat docht bliken út in ûndersykje fan de gemeente op de eigen webside.

Minsken koene reagearje op de fraach oft de stoepen goed begeanber binne of net. Fan de 194 minsken dy't in antwurd joegen, fûn 55 persint dat de stoepen der min oan ta binne. Tritich persint is minder stellich, mar fynt ek dat it better kin. Iepenbiere Wurken fan Harns sil mei de útkomsten oan de slach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)