Achtkarspelen: CU brekt mei SGP

© Omrop Fryslân
De ChristenUnie yn de gemeente Achtkarspelen giet fierder sûnder de SGP. De ledegearkomste fan de partij hat besletten om yn maart takom jier selsstannich de ferkiezings yn te gean. Dat beslút betsjut de ein fan in jierrenlange gearwurking mei de SGP. ChristenUnie/SGP hat no trije sitten yn de ried.
De ChristenUnie kin net út de fuotten mei it stânpunt dat de SGP gjin froulju talit op in ferkiesber plak op de list.