Bedriuwswiskunde NHL it bêste

© Omrop Fryslân
De oplieding bedriuwswiskunde fan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden (NHL) is de bêste hbo-stúdzje fan Nederlân. Dat stiet yn it rapport Kennis in Kaart fan it ministearje fan ûnderwiis.
Bedriuwswiskunde is posityf beoardield fanwege de oansluting by it wurkfjild en de ynhâld fan de oplieding. Der binne no sawat fyftich studinten dy't de oplieding folgje oan de NHL.