VVD: "Skea ferhelje op dieders"

16 nov 2005 - 14:39

De oerheid moat skea troch oerlêst of kriminaliteit ferhelje kinne op de dieders. Dat wol de VVD yn Ljouwert.

De gemeente stekt in soad jild yn bygelyks de kampanje Expeditie Leeuwarden, mar it effekt is fuort troch de oerfallen fan de lêste tiid. De gemeente soe sokke skea ferhelje kinne moatte. Dat kin fia in sivile prosedure, mar dat wurdt neffens de VVD te min dien. Ek gewoane minsken soene faker oanjefte dwaan moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)