"Fryske universiteit Ljouwert"

16 nov 2005 - 14:17

Der moat sa gau mooglik in Fryske universiteit komme yn Ljouwert. Dat wol de steatefraksje fan de FNP. Dêrfoar soe de Fryske Akademy útwreide wurde moatte mei master-opliedings foar studinten út hiel Europa.

It giet der net om om mear heger ûnderwiis nei Fryslân te krijen. Wol moat de Fryske taalsituaasje brûkt wurde foar it heger ûnderwiis, bygelyks foar in universiteit foar lytse talen en regionale ekonomy, seit de FNP.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)