Krisis yn bestjoer reedrydbûn

© Omrop Fryslân
De posysje fan de foarsitter fan de KNSB, boargemaster Jacob Reitsma fan Wymbritseradiel, stiet ter diskusje. It seksjebestjoer is net tefreden oer it funksjonearjen fan Reitsma en ek net oer direkteur Arie Kaufmann. Neffens it bestjoer hâldt gjin fan beide him oan de makke ôfspraken.
Tiisdei is der oerlis mei de technyske kommisjes fan de gewesten, wêryn't it seksjebestjoer stipe freget foar it ôfsetten fan Reitsma en Kaufmann.