LTO Noord stapt út stjoergroep

© Omrop Fryslân
LTO Noord stapt út de Stjoergroep Terwisscha. Dy stjoergroep ûndersiket wat der no krekt gebeure moat mei it wetterwingebiet yn Appelskea. Troch it omheechheljen fan wetter dêr wurdt it natuerpark Drents-Friese Wold droeger.
De stjoergroep fynt dat it wetter fan oare plakken komme moat, benammen ûnder it lân fan boeren wei. Neffens LTO is dat net nedich, mar wurdt der troch de oare leden fan de stjoergroep net nei de organisaasje harke.