PvdA: Mear wurk yn Ljouwert

16 nov 2005 - 11:28

De PvdA yn Ljouwert wol mear wurk ha yn de stêd. Der moat wurk komme foar minsken dy't gjin baan ha en foar jongerein, stiet yn it programma foar de ferkiezings.

In pear oare punten út it ferkiezingsprogramma binne dat Ljouwert in feilige stêd wurde moat om te wenjen en op stap te gean. Boppedat moat Ljouwert skjinner wurde. De PvdA wol dat it iepenbier ferfier en auto's fan de gemeente op skjinne brânstof ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)