Warskôgje foar fûgels fleanbasis

© Omrop Fryslân
De Fleanbasis Ljouwert krijt in better warskôgingssysteem om botsingen tusken fûgels en F-16's op landingsbanen foar te kommen. Ek de oare militêre bases fan de Luchtmacht krije dat nije systeem, dat troch TNO ûntwikkele is.
Belangryk winstpunt fan de nije apparatuer is dat de militêren foarsizze kinne wannear't de fûgels op of om de landingsbaan te ferwachtsjen binne. De fleanbasis Ljouwert hat foaral problemen mei guozzen.