Dales wol gjin aksje domino-mosk

© Omrop Fryslân
Boargemaster Dales fan Ljouwert wol net dat de plysje aksje ûndernimt op de oanjefte fan de bistebeskerming oer de domino-mosk. Hy sei dat tiisdei yn in ynterview op BNR-radio.
De plysje seit sels ek neat oan de saak dwaan te sillen. Dy hat de melding trochjûn oan de provinsje. De opspoaringsamtner fan de provinsje ûndersiket de saak. It giet der om oft der wol tastimming wie foar it ôfsjitten fan it fûgeltsje.