SKS noch ûnwis foar Ulbe Zwaga

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan de SKS-skûtsjesilerij is der noch net oer út oft skipper Ulbe Zwaga wer talitten wurde moat by de wedstriden fan takom jier. Dit is moandeitejûn besprutsen tidens in bestjoersbyienkomst. Op 11 maart takom jier moatte de SKS-leden har dêroer útsprekke op de ledegearkomste.
Yn jannewaris fergaderet it bestjoer dêr wer oer. Ulbe Zwaga is skorst om't er koalstof brûkt hat yn 'e mêst en fanwege misledigingen fan it bestjoer.