Museum Belvédère grut sukses

© Omrop Fryslân
It giet goed mei de besikersoantallen fan museum Belvédère yn Oranjewâld. Sûnt de iepening, in jier lyn, binne der al 80.000 minsken west. It museum foar moderne en hjoeddeiske keunst hie it earste jier rekkene op heechút 30.000 besikers.
Direkteur-konservator Tom Mercuur tinkt dat de kombinaasje fan arsjitektuer yn it museum de natuur om it museum hinne en de kolleksje as ienheid de kracht is fan it museum.