Mosk al begûn mei Domino Day

© Omrop Fryslân
In mosk hat de minsken dy't meiwurkje oan Domino Day yn it FEC yn Ljouwert grutte problemen besoarge. It bist smiet tsientûzenen stiennen om. No freed besykje de bouwers om in rekordtal domino-stientsjes om te smiten. Dat rekord stiet no op goed 3,9 miljoen, it wie de bedoeling om der foar freed goed 4,3 miljoen op te setten.
De mosk is deasketten om foar te kommen dat er foar mear problemen soarget.