Dankert & Dankert yn premiêre

15 nov 2005 - 07:22

TV-sjoggers moatte noch oardel wike wachtsje, mar filmfans koene snein al yn 'e kunde komme mei de nije Fryske dramasearje Dankert & Dankert. De earste trije ôfleverings giene op it filmfestival yn premiêre as 'Dankert & Dankert en de Swarte Ingel'. Mei de oankomst fan akteurs yn in grutte limousine, blommen en sjampanje waard der in echte premiêre fan makke.

De film is de kommende wike ek te sjen yn de Ljouwerter bioskoop Tivoli.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)