Teloarstelling oer beslút byb

16 mrt 2012 - 17:44

Ynwenners fan Dronryp binne swier teloarsteld oer it feit dat de grutte bibleteek út harren doarp ferdwynt. De gemeente Menameradiel wol de bibleteek fuort besunigje en dêrfoar yn it plak moat dan in lytse byb werom komme. Mei dit beslút binne alle grutte bibleteken út Menameradiel wei.

Ek doarpsbelang Dronryp fynt it skande dat de bibleteek ferdwynt. Neffens harren soarget dit beslút foar in ferskraling fan it nivo yn de gemeente. Boppedat wie der ôfpraat dat der yn de gemeente yn elts gefal ien grutte bibleteek bliuwe soe.

Doarpsbelang ûndersiket no oft der noch in mooglikheid is om yn aksje te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)