Jild út Waadfûns sels besteegje

© Omrop Fryslân
Minister Dekker fan Romtlike Oardening en Miljeu wol har net al te bot bemoeie mei de fraach wêrt't it jild út it Waadfûns hinne moat. Yn dat fûns sit 800 miljoen euro. Dat jild is bedoeld as kompensaasje foar de gasboarrings op it waad. Minister Dekker fynt dat de waadbewenners sels mar sizze moatte wêr't it jild hinne giet.
De earste hûndert miljoen euro is al útjûn. Dat jild is foar it útkeapjen fan kokkelfiskers.