Aris ûnderút tsjin Rotterdam

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris út Ljouwert gongen sneontejûn yn sporthal Kealledykje yn Ljouwert ûnderút tsjin Rotterdam. Der waard ferlern mei 72-78. Aris stiet op it lêste plak yn de earedivyzje.
It wie de earste wedstriid fan Aris mei de nije trener André Roorda oan it roer. Roorda is de opfolger fan Tom Simpson, dy't ophâlde moast om't syn soantsje slim siik is. Aris spilet takom wike yn en tsjin Weert.