Sinteklaas: 1,8 miljoen sjoggers

14 nov 2005 - 11:15

Sawat 1,8 miljoen minsken ha sneon de oankomst fan Sinteklaas yn Snits op de televyzje sjoen. Fan alle minsken dy't de televyzje oanhiene, stimde goed twatredde diel ôf op Nederlân 2 of 3. Op beide stjoerders wie de oankomst te sjen.

Sinteklaas kaam sneon om 12 oere oan by de Wetterpoarte yn Snits. Dêrnei gong de Sint op syn hynder fierder troch de stêd. Tûzenen minsken stienen by de rûte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)