Buorden stellen yn Snits

© Omrop Fryslân
Twa 17-jierrige jonges binne sneintenacht oanhâlden by in gebou oan de Molekrite yn Snits. Se hienen in tal buorden stellen mei it doel om harren keamer wat te fersieren. In foarbygonger seach dat de twa jonges har wat frjemd gedroegen en dat it stikeltried stikken wie.
Efkes letter kamen de jonges werom en hellen wat út de boskjes. De plysje koe de Snitsers doe oanhâlde.